Fersen
De yn dizze bondel samle fersen, oersettings en stüdzjes yn dichtkunst hawwe har elk foar oar min of mear spontaen, oant sels op bistelling ta ..., oantsjinne tusken 1948 en 1977, en binne foar in part earder yn 't Ijocht jown yn studinte-almenakken en tydskriften: De Tsjerne, De Stiennen Man, 'quatrebras', Trotwaer,
'alternatyf, De Stim fan Fryslan, Waerglês ..., ünder eigen namme, skülnammen as Ruerd Ages, Hedzer Andela, Gaston Fladdéracque, e.o., en sels ien anonym. It binne in soarte fan notysjes bisiden it eigentlike libben: 'in de kantlijn van het leven', sa 't it op it koartst gearfette wurdt yn 'e franske titel.
Faeks binne ien of twa ek noch lêsber...