In groep minsken dy't de Twadde Wraldoarloch bewust meimakke hat wurdt stadichoan lytser. Dyjingen dy't noch meiprate kinne oer dat Skeind Ferline hearre sa njonkelytsen ta de alderein. Hja binne in minderheid wurden dy't ivich en erflik praat oer 'foar en nei de oarloch'.
It is nijsgjirrich en fan belang om fan harren persoanlik te fernimmen hoe't hja de besettingstiid ündergien en trochmakke ha. No kin dat noch. Hja kinne üt eigen ünderfining oerdrage hoe sinleas en benearjend oarloch is. Bekende Fryske skriuwers en skriuwster fertelle yn dizze bondel wat hja sels en oaren belibbe ha tusken maaie '40 en maaie '45.
Harren ferhalen— oer ünderdükers, razzia's, ferrieders, ensafuorthinne— jouwe in byld fan in Skeind Ferline.
De volgende extensies worden ondersteund: png, jpeg, jpg, gif, txt, csv, pdf, doc, docx, rtf, xls, xlsx, ppt, pptx, odt, ods, eps.